Skipsleat (wenwyk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 27:
[[File:It_Húne_Skip.jpg|thumb|''It Huneskip'' (1990) is in keunstwurk dat oan ''It Beaken'' stiet. It stelt in [[kogge|Hanzekogge]] foar, in boat út de 13e iuw. De brûkte [[swerfstien|swerfstiennen]] binne fûn by it bouryp meitsjen fan de wyk.<ref>Redaksje (9 oktober 1990): [http://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?id=LC-19901009-13002 'Stalen zeil huneboot Joure geplaatst'], ''Ljouwerter Krante''.</ref> De swierste stien kaam yn 1988 foar it ljocht en waacht 16.000 kg.<ref> Redaksje (20 oktober 1988): [http://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?id=LC-19881020-22009 'Zwerfkei tevoorschijn uit Jouster klei'], ''Ljouwerter Krante''.</ref><ref>Redaksje (27 desimber 2011): [http://publieke-kunst.keunstwurk.nl/node/1352 'It Húne Skip'], ''[http://publieke-kunst.keunstwurk.nl/ Keunstwurk - Kunst in Openbare Ruimte Fryslân]'', besjoen op 13 maart 2013.</ref>]]
 
Foar de bou bestie it gebiet út greiden mei in tal pleatsen. It wie foar it earst dat in wenwyk net tsjin de âlde bebouwing fan de Jouwer oanboud waard, mar tsjin de besteande wiken [[Skippekertier|Skippekertier]] en [[Westermar (wenwyk)|Westermar]].<ref>[http://kranten.kb.nl/view/article/id/ddd%3A010566150%3Ampeg21%3Ap019%3Aa0278 ' 'Puist' Joure in aanbouw'], ''Ljouwerter Krante''.</ref>
 
Undernimmers fan yndustrygebiet Tolhúswei wiene fûl op de bouplannen tsjin. Se wiene bang dat se dêrtroch harren flugge ferbining mei [[Knooppunt De Jouwer]] kwytreitsje soene; de rûnwei waard in wei mei snelheidsbeheinende maatregels. De ûndernimmers woenen de wenwyk earne oars hawwe. Dochs besleat de gemeente om Skipsleat troch te setten.<ref>redaksje (28 maart 1986): [http://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?id=LC-19860328-15003 'Raad Skarsterlân akkoord met plan-Skipsleat en wegomlegging'], ''Ljouwerter Krante''.</ref>