Jannum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 16:
== Skiednis ==
=== Kleaster ===
Der wurdt tocht dat Jannum sûntal defoar [[13ede iuw]]jiertelling bewenne west hat. It [[kleaster Klaarkamp]] hie yn it doarp in protte yn 'e molke te krommeljen. Mar fanwegen de bêste grûn hienen ek oare pommeranten yn [[Dantumadiel]] grûn yn Jannum, dy't se djoer ferhiere koenen. Sa is Jannum, al lei it benoarden de [[Dokkumer Ie]], in part fan Dantumadiel wurden.
 
De pastoar waard troch Klaarkamp beneamd, mar yn Jannum wie gjin úthôf fan Klaarkamp. Nei de [[Reformaasje]] waard Jannum mei [[Burdaard]] kombinearre.
 
=== Alde ferbinings ===
Jannum wie ek wichtich yn de ferbining tusken [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[Ferwert]] en [[Dokkum]]. De rydwei tusken dy plakken rûn oer Jannum. Troch de [[Jannumer Feart]], in sydfeart fan de Dokkumer Ie, setten ek skippers harren dêr ta wenjen.
 
=== Ferwerderadiel ===
Rigel 27:
 
== De tsjerke ==
{{Apart|Tsjerke fan Jannum}}
[[Ofbyld:Kerk van Jannum.jpg|thumb|''De tsjerke fan Jannum'']]
De [[Romanogotyk|romaanskgoatyske]] tsjerke fan Jannum is om [[1300]] hinne boud, mar it âldste part, it koar, is fan likernôch [[1200]]. De tsjerke bestie út twa parten. It iene part wie foar de [[Likebroer|likebruorren]] fan it kleaster en it oare part fan de geastliken. Yn de twadde helte fan de 16e iuw is it nedige feroare.