Earedoktoraat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +boarnen
plaatsje
 
Rigel 1:
[[File:Erepromotie Churchill.jpg|thumb|[[Winston Churchill]] kriget in earedoktoraat fan de [[Universiteit Leien]] (1946)]]
In '''earedoktoraat''' ([[Latyn]]: ''doctoratus honoris causa'') is in [[doktoraat]] of akademyske titel dy't ferliend wurdt oan persoanen dy't in útsûnderlike prestaasje levere hawwe yn 'e [[wittenskip]], sûnder dat dêroer in [[proefskrift]] skreaun is. Likefolle komt it foar dat earedoktoraten takend wurde foar net-akademyske prestaasjes, bygelyks yn 'e [[literatuer]], de [[skiene keunsten]], de [[polityk]] of op maatskiplik mêd. Ek dyjingen dy't al troch de "normale" wei in doktorstitel behelle hawwe troch in proefskrift te skriuwen, yn te tsjinjen en te ferdigenjen, kinne noch ien of mear earedoktoraten krije fan oare [[universiteit]]en, by wize fan bûtengewoan earbewiis foar wat hja op akademysk terrein út 'e wei set hawwe. Faak wurde soksoarte earedoktoraten útrikt by feestlike gelegenheden.