Fûstbile: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Red
Rigel 2:
 
 
In '''fûstbile''' wie in wichtich stik [[ark]] út it [[paleolitikum]], de âlde stientiid. Foar de prehistoaryske minsk wie de fûstbile ûnmisber. De bile waard destiids op deselde wize brûkt as tsjintwurdich in 'bûsmes'. Se koenen der tûken mei ôfsnije, lytse beammen omhakke, bisten slachtsje en tsjillenpelle, en hûden waarden der mei skjinskrabe. Trochdat it ark maklik wer oanskerpe wurde koe, gong de fûstbile lange tiid mei.
 
Fûstbilen waarden fral út [[fjoerstien]] hakt en hienen in ôfplatte foarm mei meastentiids in skerpe râne rûnom dy't altyd oan twa siden bewurke wie. De top is spits, de oare útein rûn.