Pokrovskoje (Oblast Tjûmen): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Rigel 6:
Yn de tiid dat Raspûtin hjir libbe hie it doarp mar in pear strjitten mei houten hûzen. Yn it sintrum stiet in grutte wite tsjerke mei in fergulde koepel.<ref> http://www.russia-ic.com/rc/sights/?id=5027</ref>
 
Raspûtin die de profesije dat tsaar [[Nikolaas II fan Ruslân|Nikolaas]] en syn famylje ienris syn bertedoarp sjen soene. De keizerlike famylje hie der om lake om't it doarp mear dan 2.500 km. fan [[Sint Petersburch]] op in ôfgelegen plak yn [[Sibearje]] lei. Mar tidens harren lêste reis nei [[Jekaterineburch]], dêr't de famylje eksekutearre wurde soe, passearre de famylje yndied Pokrovskoje. Flak by it hûs fan Raspûtin hold it konfoai mei de keizerlike famylje halt om de hynders te ferwikseljen. Raspûtin's widdo Prasjkoja seach fan efter har raam nei ûnderen en doe't har eagen de keizerin moeten sloech hja foarsichtich in krús, de Russyske wize om ien te segenjen.<ref>The Fate of the Romanovs, Greg King, Penny Wilson, ISBN10ISBN 1312333812,.</ref>
 
Hjoeddedei stiet der yn it doarp in museum dat wijd is oan Raspûtin.