Gisbertus Voetius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 10:
===Karriêre===
Werom yn Heusden besocht er om noch in steedlike stúdzjebeurs te krijen. Hy woe graach lâns inkele grifformearde ynstituten reizgje yn Jeropa, mar hy krige gjin beurs. Dêrom begûn hy te preekjen yn en om Heusden hinne. Op [[25 septimber]] [[1611]] waard hy befêstige as predikant te [[Flijmen]]. Ek it plak [[Engelen (plak)|Engelen]] hearde by it wurkgebiet. Engelen wie in echt Roomsk-katolyk plak mar dôchs wist hy in grifformearde gemeente mei tsjerkerie op te rjochtsjen. Neist syn predikantskip bestege hy in soad tiid oan syn stúdzje. Yn 1617 waard hy beroppen yn Heusden. Net allinnich wie er wurksum foar syn gemeente, hie stapte hieltyd mear op de foargrûn as in wichtich fertsjintwurdiger en útfierder fan de strange kontra-remonstrante lear. Yn 1618-1619 waard hy ôffurdige foar de [[Synoade fan Dordrecht]]. Yn 1629 waard er fjildpreker. Hy gie lâns de troepen dy’t op dat momint ‘s-Hertogenbosch belegeren. Mar hy wie net allinnich oansteld as preker. Nei it oermasterjen fan de stêd moast hy der foar soargje dat er gjin katolike tsjinsten mear hâlden waarden en dat de minsken oerstappe soenen op it gereformearde leauwe. Nei de ynnamme wurke Voetius mei oare predikanten hurd oan it opsetten fan gereformearde tsjerke-organisaasjes yn de stêd.
Yn 1634 waard Voetius beneamd ta heechlearaar yn de teology, [[Hebriuwsk|Hebriuwsk]] en easterske talen oan de krekt oprjochte universiteit fan Utert. Hy hat mear as fjirtich jier wurke oan de universiteit. Hy stie bekend as in presize. Hy ferdigene de puriteinske sneinsfiering en bestried de wrâldse saken lykas dûnsjen, toaniel, te folle ite en drinke. De filosofy fan [[René Descartes|Descarte]] moast it ek ûntjilde.
 
===Lêste jierren===