Greefskip Mid-Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 12:
In grut part fan de [[11e iuw]] wie it Greeflik bewâld yn Mid-Fryslân stiif ferankere, sa't bliken docht út de fynst fan sulveren munten mei greeflike ôfbyldings. Dy munten waarden ûnder oaren slein yn [[Starum]], [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Dokkum]]. De munten binne op in protte plakken fûn en meastentiids yn grutte oantallen.
 
De greeflike rjochten wiene yn hannen kaam fan foarsten waans machtssintrum fier fan Mid-Fryslân yn BrunswykBreunswyk lei. In wichtich part fan dy rjochten hat út [[rjocht|rjochtspraak]] bestean. Hjirfoar betsjinne de greven harren fan amtners dy't mei de namme [[skelta]] oantsjutte waarden. Dêrneist hiene sy rjocht op muntslach, aksynzen, boeten e.d.. Twa greeflike tollen út dy tiid binne bekend, nammentlik te Starum en Dokkum. Ut de sânde [[17 Kêsten en 24 Lânrjochten|kêst]] blykt dat de Dútske keizer rjocht hie op in skatting út it Fryske lân, de saneamde "Huslota" of "Huslaga". De ynnimt dêrfan wie opdragen oan de skelta's, wylst de Fryske greve belêste wie mei de ôfdracht.<ref>O. de Vries (1986), "Het heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid", side 15-16. </ref>
 
[[Hindrik IV fan it Hillige Roomske Ryk|Keizer Hindrik IV]] joech Mid-Fryslân yn [[1088]] (sûnder oerlis mei de Fryske greve) oer oan de biskop fan [[Stift Utert|Utert]]. Dat wie tsjin it sin fan greve [[Egbert II]], dy't tsjin keizer Hindrik IV (syn neef) yn opstân kaam. Nei Egberts dea yn [[1090]] folge [[Hindrik de Fette|Hindrik fan Northeim]] (de Fette) him op as greve fan Mid-Fryslân. Hindrik de Fette waard op [[10 april]] [[1101]] fermoarde troch Friezen dy't ûnder lieding stienen fan de biskop fan Utert. Mei de dea fan dizze greve einiget it tiidrek fan de greven en set it tiidrek fan de [[Fryske frijheid]] útein, dêr't de Friezen harren sa goed as selsstannich yn bestjoere, nettsjinsteande oanspraken fan Hollân en Utert op it gebiet.