Kama (rivier): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
A.Savin (oerlis | bydragen)
new pic
L red
Rigel 6:
De rivier ûntspringt yn it sintrale part fan de [[Boppe-Kama Hichte]] by it doarp [[Koeligy]] yn it noardeasten fan [[Oedmoertsje]] en streamt dêrwei sa'n 200 kilometer nei it noarden troch de [[oblast Kirov]] nei [[Lojno]], en sa ûngefear 200 kilometer nei it easten foardat er ôfbûgt nei it suden ûnder [[Bondjoeg]] yn [[kraj Perm]]. Sa'n 70 kilometer súdliker rint de [[Visjera (Kama)|Visjera]] de rivier yn justjes súdliker lizze de stêden [[Solikamsk]] en [[Berezniki]] oan de linkerigge, op it plak dêr't de rivier útstreamt yn de langhalige, oant 20 meter djippe, [[Kama-opslachmar]] (1.915 km²), dy't ûnstiet troch de [[keardaam]] by [[Perm]]. Perm is mei goed in miljoen ynwenners fierwei de grutste stêd oan de Kama en is it betsjoerssintrum fan de kraj Perm. Nei Perm giet de rivier stadichoan oer yn de [[Votkinopslachmar]], dêr't it stedsje [[Osa (stêd)|Osa]] oan leit en de keardaam fan by de stêd [[Tsjajkovski (stêd)|Tsjajkovski]] leit, sa'n 330 kilometer besúdwesten Perm.
 
De rivier streamt fierder nei it suden nei [[TatarijeTatarstan]], dêr't er oergiet yn de [[Beneden-Kamaopslachmar]]. In stikje fierder nei it westen folget de [[Opslachmar fan Samara]], dy't útmûnet yn de [[Wolga]]. De rivier is in drokke hannelsrûte. De rivier is befarber fan it plak [[Kertsjevski]] (966 km) ôf en by heechwetter noch 600 kilometer fierder streamop. De rivier wurdt geregeldwei [[baggerje|baggere]].
 
De rivier wurdt fral fuorre fan [[snie]] en yn't twadde plak troch rein en grûnwetter. 62,5% fan de jierlikske wetterôffier falt yn de maitiid (maart oant juny), 28,3% yn de simmer en hjerst en 9,1% yn'e winter. It [[debyt]] is trochsneed 1630 m³/sek by de [[wetterkrêftsintrale]] Kamskaja, 1730 m³/sek by de wetterkrêftsintrale Votkinskaja, sa'n 3500 m³/sek by de mûning, dêr dy op syn meast 27.500 m³/sek bedraagt. Ier yn [[novimber]] begjint de bopperin fan de rivier te befriezen en ein novimber de ûnderrin; de rivier leit dêrnei fiif moanne ticht.