Ikoan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "thumb|<center>''Ikoan fan de Mem Gods fan Vladimir''</center> In '''ikoan''' (fan it Grykske εικων, ôfbyld) is in foarstelling fan in b..."
 
LNo edit summary
Rigel 1:
[[File:Vladimirskaya ikona.jpg|thumb|<center>''Ikoan fan de Mem Gods fan Vladimir''</center>]]
In '''ikoan''' (fan it [[Gryksk]]e εικων, ôfbyld) is in foarstelling fan in bibelsk figuer of in hillige of meardere hilligen, dy't fral yn [[Eastersk-otterdoksy|otterdokse]] tsjerken te finen binne. Ek yn úsde [[Roomsk-Katolike Tsjerke|roomske]] tsjerken binne fakentiden wol ikoanen te sjen, mar folle minder as yn otterdokse tsjerken. Fakentiden giet it dan om in foarstelling fan [[Us Leaffrou fan altydduorjende Help]].
 
De ikoan is meastentiids in op hout skildere foarstelling, mar ek fan oar materjaal kinne ikoanen makke wurde. Sa binne der bygelyks foarstellings op muorren, mozaïeken, tekstyl of sels fan byldhouwurk. Hiel faak giet it om foarstellings fan de [[Marije (mem fan Jezus)|Jongfaam Marije]] mei it [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)|Bern Jezus]], mar it kinne likegoed oare bibelske figueren wêze of hilligen. It ôfbyld wurdt net allinnich as in yllustraasje beskôge, mar it makket diel út fan in religieus boadskip en wurdt sjoen as de fysike manifestaasje fan wa't it fertsjintwurdiget.