Wurdumerdyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
galery
Rigel 1:
[[File:Wurdumerdyk, Ljouwert.jpg|right|thumb|250px|De Wurdumerdyk yn [[2018]], fan it [[Amicitiagebou|Amicitia-gebou]] ôf sjend nei it noarden. It swarte gebou rjochts is de efterkant fan it [[Frysk Museum]]; foar it wite gebou fierderop komt it [[Ruterskertier]] op 'e Wurdumerdyk út.]]
[[File:Sjoerd Bonga - De Wurdumerpoarte yn Ljouwert (1835).jpg|thumb|left|De Wurdumerpoarte yn 1835]]
De '''Wurdumerdyk''' ([[Nederlânsk]] en offisjeel: ''Wirdumerdijk'') is in [[strjitte]] yn it [[binnenstêd|sintrum]] fan 'e [[Fryslân|Fryske]] [[haadstêd]] [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Dizze strjitte rint fan 'e [[Wurdumerpoartebrêge]] oer de [[Suderstedsgrêft (Ljouwert)|Suderstedsgrêft]] yn it [[suden]] suver streekrjocht nei it [[noarden]] ta. Hy einiget by de [[krúspunt (wei)|krusing]] mei de [[Nijstêd]] en it [[Waachplein (Ljouwert)|Waachplein]] út it [[westen]] en de [[Piperstrjitte (Ljouwert)|Piperstrjitte]] dy't út it [[easten]] komt. Hoewol't de strjitte dêre sûnder bocht trochrint nei it noarden, hjit er noardlik fan dat punt net mear Wurdumerdyk, mar [[Sint-Jabiksstrjitte (Ljouwert)|Sint-Jabiksstrjitte]] (''Sint-Jacobsstraat'').
[[File:Voorgevel - Leeuwarden - 20133013 - RCE.jpg|left|thumb|250px|De Wurdumerdyk yn [[1963]].]]
 
De Wurdumerpoartbrêge hiet (alteast foarhinne) yn 'e folksmûle de 'Beursbrêge', om't fuort benoarden derfan it Ljouwerter [[Beurs en waachgebou (Ljouwert)|beurs- en waachgebou]] stiet. De Wurdumerdyk rint foar dat [[gebou]] lâns, dêr't letter jierrenlang de [[bibleteek|iepenbiere bibleteek]] sitten hat en yn [[2018]] in dependâns fan 'e [[Ryksuniversiteit Grins]] komt. Oan 'e noardkant fan dat gebou krúst de Wurdumeryk de [[Nijewei (Ljouwert)|Nijewei]], dy't fan it [[Saailân]] yn it westen yn 'e rjochting fan 'e [[Blokhûspoarte]] yn it [[easten]] rint.
 
Besuden dy krusing stiet no oan 'e eastkant de [[Merkueriusfontein]], dy't earst syn plak fierderop hie, oan 'e eastlike útein fan it âlde Saailân. Dêr moast er lykwols wike foar de nijbou fan it [[Frysk Museum]]. De Wurdumerdyk rint sadwaande no noardlik fan 'e neamde krusing fuort oan 'e eastside fan dat [[museum]] lâns. Oan 'e noardkant fan it museum komt it [[Ruterskertier]] út it westen wei út op 'e Wurdumerdyk. Dêrfoaroer stiet op 'e hoeke fan 'e Wurdumerdyk en de Nijewei it [[Amicitiagebou]], dat lang it lilkste gebou fan Fryslân neamd waard. Fan dat punt ôf oant de krusing mei de Nijstêd/Piperstrjitte is de Wurdumerdyk in drokbesochte [[winkelstrjitte]], dêr't û.m. in fêstiging fan 'e [[restaurant]]keatling [[McDonald's]], in [[KPN]]-[[winkel]] en in [[Blokker (winkelkeatling)|Blokker]]saak sitte. Tusken de winkels troch jouwe de [[Reagerstrjitte (Ljouwert)|Reagerstrjitte]], de [[Nauwe Steech (Ljouwert)|Nauwe Steech]] en de [[Ayttasteech]] tagong ta de [[Weaze]].
 
<gallery mode=packed heights=150px style="text-align:left">
[[File:Sjoerd Bonga - De Wurdumerpoarte yn Ljouwert (1835).jpg|thumb|left|De Wurdumerpoarte yn 1835]]
[[File:Voorgevel - Leeuwarden - 20133013 - RCE.jpg|left|thumb|250px|De Wurdumerdyk yn [[1963]].]]
File:20180720 117 leeuwarden.jpg|De Wurdumerdyk op in simmerdei
File:20180719 468 leeuwarden.jpg|De Wurdumerdyk sjoen fanôf de noardkant
</gallery>
 
{{boarnen|boarnefernijing=