Henry David Thoreau: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 16:
Nei [[1850]] waard hy lânmjitter en skreau natuerobservaasjes yn it 67 km² goa om Concord hinne. Syn waarnimmingen binne beskreaun yn sy deiboek, in geskrift fan twa miljoen wurden dat er 24 jier lang byhold. Hy makke reizen nei [[Kanada]], [[Cape Cod]] en [[Maine]]; wat in ynspiraasje woe foar syn ''A Yankee in Canada'', ''Cape Cod'' en ''The Maine Woods''. It binne reisboeken dêr't er ek syn tinken op it mêd fan ierdrykskunde, skiednis en filosofy yn ûntfâldet.
 
Thoreau wurdt troch guon beskôge as de earste Europeesk-Amerikaanske miljeu-aktivist. Hy hadhat oer ferskate ûnderwerpen skreaun dy't distiid as part fan de [[ekology]] beskôge wurden soene, sa as de ynteraksje tusken soarten planten en bisten. Hy wie ek as ien fan earsten foarstanner fan kuierjen en kanoën om frije tiid oan te besteegjen, it behâld fan natuer op eigen grûn en it yn stân hâlden fan wyldernis op publike grûn. Thoreau wie teffens ien fan de earste Amerikanen dy't de [[evolúsjeteory]] fan [[Charles Darwin]] oanhong.
 
Thoreau krige ek krityk op syn wurk en manier fan libjen. By syn libben waard er priizge troch de Ingelske skriuwer [[George Eliot]], mar dy't yn de [[Westminster Review]] al sei dat Thoreau syn libbensstyl troch sommigen ûnhandich en dreamerich fûn wurde soe. De Skotske skriuwer [[Robert Louis Stevenson]] wie ien fan dy lju; hy wie fan betinken dat Thoreau sy wize fan libjen ûnmanlik wie. Nei de publikaasje fan Thoreau syn deiboek yn [[1906]] belúne de krityk, omdat doe it grutte folume fan syn geskriften dúdlik waard. Tsjintwurdich wurdt Thoreau sjoen as ien fan de wichtichste Amerikaanske skriuwers, sawol troch de nijmoadrige heldere skriuwstyl as troch syn foarsizzingen op it mêd fan natuer en polityk.