Ferskil tusken ferzjes fan "Meksiko-Stêd"

L
st
L (selsstannich)
L (st)
Al sûnt it begjin fan de Kristlike jiertelling is de Delling fan Meksiko ien fan de meast tichtbefolke gebieten fan it Amerikaansk kontinint. De agglomeraasje Meksiko-stêd hat no sa'n 20 miljoen ynwenners, it Federaal Distrikt 6,5 miljoen. It ynwennertal fan it Federaal Distrikt is sûnt 1980 sa'n bytsje gelyk bleaun, mar de foarstêden groeie noch omraak. It migraasjesaldo fan it sintrum fan de stêd is licht negatyf.
 
It Federaal Distrikt is it gebiet mei it heechste ynkommen de persoan en mei de heechste [[yndeks fan minslikeminsklike ûntjouwing]] fan Meksiko. De wiken yn it westen fan de stêd (Polanco, Condesa, Las Lomas de Chapultepec, San Ángel) hawwe yn it generaal de measte wolfeart; de wiken yn it easten op de earde marboaiem binne it earmst. Dy east-westferdieling fan wolfeart jildt ek foar de foarsteden, de eastlike foarstêden [[Sancristóbal Ecatepec de Morelos]], [[Ciudad Nezahualcóyotl]] en [[Chalco]] jilde as earm, wylst Tlalnepantla, Naucalpan de Juárez en Ciudad López Mateos it relatyf better dogge.
 
De taal dy't it meast sprutsen wurdt is it [[Spaansk]]. Fanâlds wurdt ek [[Nahuatl]] yn Meksiko-stêd sprutsen. Op it heden binne der noch mar 37.450 persoanen, dat is 0,44 prosint, dy't Nahuatl as memmetaal hawwe. Oare yndiaanske talen dy't dêr sprutsen wurde binne [[Otomí (taal)|Otomí]], [[Miksteeks]], [[Zapoteeks]] en [[Mazahua (taal)|Mazahua]]. De lju dy't dy talen brûke komme út oare dielen fan Meksiko. Hurde sifers binne der net, mar der wurdt tocht dat [[Ingelsk]] en [[Dútsk]] minstens likefolle sprekkers hawwe as de yndiaanske talen.
11.721

bewurkings