Hilaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L ynlieding red
L st
Rigel 33:
== Doarpswapen en flagge ==
Yn it skyld stiet in klokfoarmige dieling fan blau en goud. Dy dieling ferwiist nei de unike klokgevel fan de yn giele stien oplutsen toer. Dêrom is it ûnderste diel ek fan goud. Yn it blau steane twa gouden leeljes, dy't beide ferwize nei de wapens fan de famyljes Van Aylva en Mockema, dy't ek leeljes hawwe. Beide famyljewapens binne foar it measte part blau.<br>
It wichtigstewichtichste middel fan bestean yn dizze omkriten is de feefokkerij, dêrom dan ek in kowekop fan it Frysk swartbûnte ras yn it gouden fjild: In swarte kowekop mei in kylblês (wyt).<br>
It skyldhaad is read mei in sulveren krús. Dit tsjut op it Laam Gods en is in attribút fan [[Jehannes de Doper]]. Jehannes wiist op Jezus as it laam fan God dat de sûnde fan de wrâld weinimt. Yn de tsjerklike en heraldyske tradysje draacht it Laam fan God in wyt findel mei in read krús. Om estetyske redenen binne de kleuren fan it findel omkeard. De betsutting feroaret dêr lykwols net om. It read is it bloed fan Kristus en it wyt is de himelske reinheid. It reade skyldhaad mei it sulveren krús wol dit werjaan.
;De flagge
De flagge hat, lykas it wapen, de unike klokfoarmige yndieling, diskear yn't read, wêryn't de giele leelje út it wapen stiet. Oanslutend op de klok in blauwe baan, dy't foar de [[Hilaarder Feart]] stiet. Dizze feart rint benoarden it doarp nei it easten en dan mei in bocht wer nei it westen, krekt as yn de flagge. Eartiids wie de feart in wichtigwichtich kommunikaasjemiddel mei de bûtenwrâld foar Hilaard. De flecht fan de flagge is giel, dat ferwiist nei it ûnderste diel fan it wapen.
 
== Mienskip ==