Partij fan de Arbeid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L →‎Wouter Bos: Linkfix
L st
Rigel 25:
Yn de PvdA hienen de sosjaal-demokraten fan it begjin ôf oan in sterke posysje. De SDAP levere de measte leden en foarmannen fan de nije partij. [[Willem Drees]], in echte sosjaal-demokraat, waard partijlieder. Trochdat de sosjaal-demokraten in soad te sizzen hienen waarden der ferskillende stânpunten en symboalen oernaam. Sa waarden de PvdA-kongressen ôfsluten mei it sjongen fan [[de Ynternasjonale]]. Yn de jierren 1946 - 1970 wie de PvdA ferbûn mei de reade pylder. Ek wiene der goede bannen mei de [[FARA]] en de sosjalistyske parse ([[It Frije Folk]]). Yn de keamerfraksje sieten ûnder oaren foarmannen fan it [[NVV]] lykas [[Henk Oosterhuis]], [[Dirk Roemers]] en [[Ies Baart]]); PvdA fraksje-foarsitter [[Jaap Burger]] wie ek foarsitter fan de FARA. Dêrneist wie der in [[frijsinnich-demokratysk]]e streaming mei minsken as Wim Schermerhorn, [[Dolf Joekes]] en letter [[Anne Vondeling]]. Lange tiid hie de PvdA-fraksje in lyts tal leden yn har fermidden dy't tsjin kearnbewapening wiene. In soad fan harren wienen ôfkomstich út de foaroarlochske, pasifistyske CDU.
 
Mei't yn Nederlân de pylders minder wichtigwichtich waarden, waard ek de bân mei de reade pylder minder. Dit makke it foar de PvdA mooglik him te rjochtsjen op de middenklassen, dy't ûntstean waarden troch de gruttere wolfeart. Yn [[1986]] krige de PvdA mei [[Wim Kok]] al noch in fakbûnslieder as polityk lieder, mar hy naam yn [[1995]] ôfstân fan de âlde ideology. Partijfoarsitter [[Felix Rottenberg]] ([[1992]] oant [[1997]]) wie ferantwurdlik foar de fernijing yn de keamerfraksje.
 
== Yn it regear en yn de opposysje ==