Klaudius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 19:
 
== Houliken en dea ==
Klaudius hie gjin gelokkiggelokkich houlikslibben. Hy troude yn totaal fjouwer kear. Benammen syn houlik mei de tredde frou [[Messalina]] wie striemin. Sy wie in wyld minsk dat Klaudius graach foar skut sette mocht mei har seksuele útspattings. Omdat syn posysje dêr ûnder te lijen hie, liet hy har úteinlik eksekutearje.
 
Nei har dea troude Klaudius mei [[Julia Agrippina minor|Julia Agrippina]], de dochter fan syn broer [[Germanikus]]. Agrippina hellet him oer om har soan út in earder houlik te adoptearjen. Dizze soan wie de letter berucht wurden [[Nearo|keizer Nearo]], dy't op syn sechtjinde as opfolger oanwiisd waard. Klaudius passearde hjirmei syn eigen soan [[Britannikus]]. Dizze kar soe Klaudius needlottich wurde, want al nei in jier waard er troch Nearo fergiftige.