The Allman Brothers Band: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 3:
 
==Skiednis==
Yn it begjin bestie The Allman Brothers Band neist de bruorren Douane en Gregg Allman út [[Dickey Betts]] (gitaar), [[Berry Oakley]] basgitaar), [[Butch Trucks]] (drums) en [[Jai Johanny “Jaimoe” Johanson]] (drums). Se hienen in hiel eigen gelûdlûd troch twa gitaren en twa drummers. De band joech in soad optredens, foardat it earste album útbrocht waard. Op dat album stienen sân lieten, wêrfan ’t it grutste part skreaun is troch Gregg Allman. It sukses kaam mei it twadde album “Idlewild South” (1970).De sân lieten op dat album binne sawat allegearre skreaun troch Gregg Allman of Dickey Betts. “Hoochie Koochie Man” is in âld bluesnumer, skreaun troch Willie Dixon.
 
Nei it twadde album kamen der hieltyd mear taskôgers nei harren optredens. Yn maart 1971 joegen hja in stikmannich konserten yn de Fillmore East yn New York, dêr’t in dubelalbum fan útbrocht is. Dat album “At Fillmore East” waard in grut sukses en wurdt sjoen as ien fan de bêste live- en bluesrock albums fan alle tiden. Op it album stean fjouwer âlde bluesnumers en trije dy’t de mannen sels skreaun hawwe. It langste numer “Whipping Post” duorret op dit album rom 22 minuten.
 
Yn oktober 1971 ferstoar Duane Allman troch in motorûngelok. Op dat stuit wie de band dwaande mei it fjirde album “Eat a Peach”, dat hja ôfmakken mei ien gitarist (Dickey Betts) en de nije pianist Chuck Leavell. In jier letter, yn novimber 1972, ferûngelokke Berry Oakley mei syn motor op sawat it selde plak as Duane Allman. Hy waard ferfong troch Lamar Williams. Yn 1973 kaam in nij album út, “Brothers and Sisters”, dat in wat oar gelûdlûd hearre liet as de eardere albums. Dicky Betts hie mear ynfloed krigen as de ienigste gitarist en spile ek wol graach wat melodieuzere countryrock. Op “Brothers and Sisters” steane de twa bekindste ferskes fan de Allman Brothers, “Ramblin’man” en it ynstrumintale “Jessica”. Dizze ferskes binne beide skreaun troch Dickey Betts, Les Dudek spilet de twadde gitaar. “Jessica” is ek bekind wurden fan de televyzje searje “Top Gear”.
 
Neidat it album “Win, Loose or Draw” útbrocht wie (yn 1975) foel de band útelkoar. Hja hawwe noch in pear kear besocht om op’e nij te begjinnen, mar dat slagge pas yn 1989. Doe spilen der in tal nije muzikanten mei, wylst oaren ôfheakke hienen. Yn dy gearstalling brochten hja it album “Shades of Two Worlds” (1991) út dat goed ûntfong waard, sawol by kritisy as by it publyk. De band is trochgong oant 2014, de lêste jierren mei de gitaristen Warren Haynes en Derek Trucks, in omkesizzer fan de drummer Butch Trucks. It lêste suksesfolle studioalbum fan The Allman Brothers Band wie “Hittin’the Notes” út 2003. Yn jannewaris 2017 is Butch Truks ferstoarn en letter yn dat selde jier Greg Allman.