Ferskil tusken ferzjes fan "It Nijs"

16 bytes grutter ,  7 moannen lyn
neffens de RfdFB
(neffens de RfdFB)
 
 
== Algemien ==
It Frysk hat him de lêste desennia ûntwikkele ta in folsleine kultuertaal, mar bûten [[Omrop Fryslân]] wurdt dy yn de nijsmedia noch hieltyd net folle brûkt, wylst it hiel gewoan wêze moatte soe dat minsken yn Fryslân it nijs yn de eigen taal oanbean krije neffens de RfdFB. Minsken yn Fryslân binne wend dat de kranten it [[Nederlânsk]] brûke en net mear as sa út en troch in stikje yn it Frysk, [[Stellingwerfsk]], [[Biltsk]] of it [[Stedsk]] opnimme, as it oer dy talen giet of as immen oanhelle wurdt dy’t sa’n taal praat.
 
Om it Frysk yn de media in better plak te jaan, hat de Ried fan de Fryske Beweging yn 2009 ItNijs.nl opset, de earste folslein Frysktalige nijsside dy’t him net beheint ta de regio en saken dy’t mei de eigen taal anneks binne. Likegoed biedt de side aktualiteiten op it mêd fan Fryslân, [[Friezen]] en it Frysk. Mar dêrnjonken is der spesjaal omtinken foar de oare Fryslannen en foar talen en minderheden rûnom yn de wrâld. Fierders kinne winliken alle ûnderwerpen oan bar komme, al moat de lytse [[redaksje]] alle dagen wer in beheinde kar meitsje út it grutte nijsoanbod.
 
== Persoanen efter It Nijs ==
83.265

bewurkings