Romanogotyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 7:
1. De '''[[Romaanske arsjitektuer|Leechrynske let-romaanske styl]]''' wurdt ek wol by de romanogotyk rekkene om reden fan de taname fan fertikaliteit troch it tapassen fan krúsferwulften en út en troch ek puntbôgen. Yn Nederlân is dêrfan de Munstertsjerke yn [[Roermond (stêd)|Roermond]] it belangrykste foarbyld, mar ek de âlde Sint-Salviustsjerke yn [[Limbricht]] hat goatyske stylskaaimerken. Yn Dútslân komt de styk faker foar. Ein 19e iuw wie de romanogoatyske styl yn Nederlân de ynspiraasjeboarne foar de [[neo-romanogotyk]], dêr't de arsjitekt [[Carl Weber|Carl E.M.H. Weber]] de wichtichste eksponint fan wie.
 
2. In '''selstannigeselsstannige romanogoatyske styl yn Noard-Nederlân''' kinne benammen tsjerken in Grinslân en it Dútske [[East-Fryslân]] ta rekkene wurde. De styl sil grif út it romaansk ûnestien wêze, mar der is in dúdlik ûnderskied te meitsjen. De tsjerken yn dy groep binne altyd oplutsen út bakstien en hawwe in muorreyndieling yn horizontale bannen, mei dêryn bline nissen as fersiering. De topgevels fan it transept binne ek mei nissen fersierd. De yn it earstoan lytse ramen lizze ferdjippe yn de muorre en hawwe kraalprofilen. Yn it ynterieur falle de saneamde meloenferwulften op. De âldste foarbylden fan de styl hawwe faker nissen en gevelfersieringen as de lettere foarbylden. Stadichwei waarden dy minder tapast, waarden de ruten grutter en waarden de rûnbôgen ferfongen troch puntige, oant úteinlik suvere goatyske foarmen brûkt waarden.
 
It âldste foarbyld fan romanogotyk yn Nederlân is it koar fan de tsjerke fan [[Leermens]]. De tsjerken fan [[Stedum]] en [[Súdbroek (Grinslân)|Súdbroek]] binne frijwat komplete foarbylden fan de iere styl. De tsjerke fan [[Noardbroek]] lit in oergong sjen yn de rjochting fan de gotyk. Yn [[Seeryp]] is it lêste stadium fan de romanogotyk fertsjintwurdige; dy tsjerke hat suver goatyske foarmen yn kombinaasje mei in romanogoatyske bouwize en -details.