Hylpersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Skriuwtaal: Keppeling
L st
Rigel 29:
Neitiid wurke Blom jierrenlang oan 'e gearstalling fan in alomfiemjend [[wurdboek]] fan it Hylpersk. Letter rekke ek [[leksikon|leksikograaf]] [[Siebren Dyk]] by it projekt belutsen. Nei it hommels [[ferstjerren]] fan Blom, ein [[2014]], sette dy it wurk fuort. Ien jier letter krige er dêrby help fan 'e [[pinsjoen|pinsjonearre]] [[wiskunde]]learaar [[Wiebe Zoethout]], in memmetaalsprekker fan it Hylpersk. Dyk en Zoethout foltôgen it mear as tûzen siden tellende grutte wurdboek fan it Hylpersk, dat ein [[maart]] [[2019]] troch de [[Fryske Akademy]] útjûn waard ûnder de titel fan ''Graet Hylper Wordebook''. Dat wurdboek brûkt it [[Nederlânsk]] as beskriuwende taal, hoewol't ek de [[Frysk]]talige ekwifalinten fan 'e [[lemma|lemma's]] jûn wurde. Fierders is efteryn in Nederlânske en in Fryske [[yndeks]] tafoege, sadat men ek fanút dy talen Hylperske wurden opsykje kin.<ref name="wordebook">{{Fuotnoat|{{Aut|Vries, Sietse de}}, ''As de taal it net oprêdt, is dy teminsten fêstlein'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 29 maart 2019, bylage ''Freed'', s. 8-9}}</ref>
 
Yn [[oktober]] [[2019]] kaam in [[berneboek]]je út 'e ''[[Nijntje]]''-rige yn it Hylpersk út, ûnder de [[titel (opskrift)|titel]] ''Aete en Ame Plús''. De [[oersetting]] wie fersoarge troch [[skoaljuffer]] [[Tineke Blom]]. It boekje waard op [[freed]] [[18&nbsp;oktober]] yn 'e [[gymnastyk]]seal fan [[basisskoalle]] De Skulpe yn Hylpen presintearre. It waard doedestiids sein dat dit it earste lêsboek wie dat ea yn it Hylpersk ferskynd wie.<ref>{{Aut|Oenema, Rixt}}, ''Altijd knokken voor het Hylpers'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 19 oktober 2019, s. 3.</ref> Lykwols ferskynde earder al yn [[2016]] in lêsboek foar [[bern (persoan)|bern]] mei de titel ''De hönne op één poat'' (werom te finen yn it [[argyf]] fan it [[Tresoar]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]), skreaun troch [[Gosse Blom]] en [[Roelie de Vries-Bakker]]. De Vries-Bakker wurke letter, yn [[2018]], doe't [[LF2018|Ljouwert Kulturele Haadstêd]] wie, mei Ken Ho en Dyami Millarson gear foar it behâld fan it Hylpersk<ref>[https://www.omropfryslan.nl/nijs/848559-hylper-taal-fergetten-troch-lan-fan-taal ''Hylper taal fergetten troch Lân fan taal'', op: ''[[Omrop Fryslân]]'', 12 novimber 2018.]</ref> en hja wie yn [[2019]] ek te hearren yn in [[fraachpetear]] mei Dyami Millarson dat gie oer de erkenning fan it Hylpersk, [[Skiermûntseagersk]], [[Aastersk]] en [[Skylgersk]] as selstannigeselsstannige [[talen]] troch de [[taalkunde|taalkundige]] [[webside]] [[Glottolog]].<ref>''De redder van streektalen Dyami Millarson'', yn: ''[[Langs de Lijn en Omstreken]]'' fan [[NPO Radio 1]], 5 juny 2019 ([https://www.nporadio1.nl/langs-de-lijn-en-omstreken/onderwerpen/503723-de-redder-van-streektalen-dyami-millarson ek hjir werom te hearren].</ref> Har wurk jildt as it earste Hylper lêsboek sûnt jieren. Doe't har boek útjûn waard, fûn de Vries it sa spitich dat it Hylpersk hast net mear sprutsen waard troch de bern.<ref>[https://www.omropfryslan.nl/nijs/615921-nij-boekje-mei-ferhaaltsjes-yn-it-hylpersk ''Nij boekje mei ferhaaltsjes yn it Hylpersk'', op: ''[[Omrop Fryslân]]'', 12 maart 2016.].</ref>
 
== Status ==