Barnabas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
L st
Rigel 18:
== De dea fan Barnabas ==
[[File:St. Barnabas-Ikone.jpg|thumb|250px|Ikoan van Barnabas yn de eardere kleastertsjerke fan it Ikoanenmuseum Sint-Barnabas te Salamis, Syprus]]
Neffens de tsjerklike tradysje ferstoar Barnabas yn it jier 61 op Syprus. Hy waard begroeven yn it antike Salamis, tsjintwurdich in ruïnestêd noardlik fan [[Famagusta]] yn it troch de [[Turkije|Turken]] besette diel fan eilân. De oanwêzichheid fan it grêf ferliende de legitimiteit foar in selstannigeselsstannige posysje fan de [[Sypriotysk-otterdokske Tsjerke|Sypriotyske Tsjerke]]. Tidens it [[Konsylje fan Efeze]] yn 431 waard nei in lange striid tusken de tsjerkelieding fan Syprus en de patriarchen fan Antiochje om dizze selsstannigens yn it foardiel fan de tsjerke fan Syprus keazen.
 
Yn it jier 477 soe Barnabas foar aartsbiskop Anthemios fan Syprus ferskynd wêze en him it plak fan syn grêf wiisd ha. Dêr fûnen se de oerbliuwsels fan de apostel mei op syn boarst in eigen skreaun ôfskrift fan it [[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus-evangeelje]]. Njonken it lege grêf fan de apostel is in boarne, wêrfan't men seit dat it wetter heilsum is en benammen genêzend wurket foar hûdsykten en ûnfruchtberens.