Rostov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 23:
== Skiednis ==
=== Foarstendom ===
Rostov heart ta de âldste stêden fan Ruslân. Yn de Nestorkronyk waard de stêd foar it earst yn it jier 862 neamd. Om 988 hinne waard Rostov de residinsje fan in selstannichselsstannich dielfoarstendom fan [[Jaroslav I fan Kiëv|Jaroslav de Wize]], dy't fan 989 oant 1010 dêr regearee. Yn 991 ûnstie yn Rostov ien fan de earste bisdommen fan it [[Kiëvske Ryk]].
[[File:Ростовский кремль (общий вид).jpg|thumb|left|260px|<center>''Kremlyn fan Rostov''</center>]]
Sûnt de twadde helte fan de 11e iuw is Rostov ien fan de twa belangrykste stêden fan it foarstendom Rostov-Sûzdal, it gebiet dat de basis wie fan it moderne Ruslân. Oant de 12e iuw wie de stêd noch ferdield yn twa úteinen: in diel oan it iene ein dat bewenne waard troch de heidenske [[Merja]], dy't dêr noch harren eigen timpel hiene. Oan it oare ein wennen de kristlike Russen. De twa folken koene it fierder goed meiïnoar fine en ferdigenen tegearre harren stêd, mar as immen fan de heidenen him dope liet, waard dy as Rus erkend en moast er it heidenske diel ferlitte en ferhûzje nei it kristlike ein.