Aäron: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 16:
Ienris sieten Aäron en Mirjam gear te spannen tsjin Moazes. De oanlieding wie de Etiopyske frou, dêr't Moazes mei troud wie. Der wie ek sprake fan oergeunst: ''"Is Moazes faaks de iennichste dêr't de Heare mei sprutsen hat"'' en ''"Hat Er ek net mei ús sprutsen"'' sa fregen hja harren ôf. God hearde dat en sa lôge de grime fan de Heare tsjin har op. Mirjam, de inisjatyfnimmer, kaam foar straf ûnder de útslach te sitten. Nei't Moazes foar har by God yn de pleit gyng, krige Mirjam de opdracht om sân dagen bûten it kamp ta te hâlden. Dêrnei mocht hja werom komme en wie hja genêzen.
 
Op in kear, krekt nei't Mirjam ferstoarn wie, wie der gjin wetter mear en begûn it folk wer ris Moazes en Aäron te ferwiten dat it better west hie yn Egypte te bliuwen ynstee fan yn de woastyn fan toarst om te kommen. De Heare joech doe Moazes en Aäron opdracht it folk byinoar te roppen en yn har oanwêzichensoanwêzigens tsjin in rots te sprekken dat dy wetter jaan soe. Der soe dan genôch wetter foar it folk en it feest út de rots streame. Moazes en Aäron diene lykwols net sekuer wat har sein wie, mar hja hellen in stêf út it hillichdom fan de Heare en rôpen tsjin it folk ''"moatte wy jimme wetter út de rots komme litte?"'' en dêrnei sloech Moazes mei de stêf twa kear tsjin de rots. Foar de Heare wie dizze ôfwikende útfiering fan de opdracht in teken dat it fertrouwen op Him net grut wie en dit wie de reden dat Moazes en Aäron sels nea yn it ûnthjitten lân komme mochten (Numeri 20:2-13).
 
Nettjinsteande dit wurdt Aäron yn Psalm 106:16 ''de hillige fan de Heare'' neamt.