Brulloft yn Kana: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 3:
 
== It wûnder ==
Jezus, syn mem [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]] en de learlingen fan Jezus wiene útnoege op in brulloft fan in net fierder neamd pear yn it plak Kana (Galiléa). Doe't op de brulloft de wyn oprekke gyng Marije nei Jezus om dat te fertellen. Jezus andere Marije mei de wurden ''"Lit dat mar oan my oer frou, it is myn tiid noch net"''. Marije giet dan nei de betsjinning en jout harren it adfysadvys om it fierder oan Jezus oer te litten. Dan jout Jezus de betsjinning de opdracht om de grutte wetterkrûken fan it hûs, dy't neffens joadsk gebrûk foar de rituele suvering ornearre wiene, fol te jitten mei wetter. Nei't hja dat dien hiene liet Jezus wer wat út ien fan dy krûken skeppe en it priuwe troch de feestlieder. De feestlieder gyng dêrnei mei it wetter dat yn wyn feroare wie nei de breugeman en seit dan tsjin de breugeman: ''"Elkenien set earst de bêste wyn op en as de minsken sa fleurich binne dat hja dêr gjin erch mear yn ha de wyn fan minder goede kwaliteit, mar jo hawwe de bêste wyn oant no ta bewarre''".<ref>Jehannes 2:1-12</ref>
 
== Kana ==