Beowulf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 33:
 
==Skiednis==
Hoe't ''Beowulf'' him ûntjûn hat foar't it optekene waard, is fansels net mear te efterheljen, mar it sil grif de iuwen fan mûnlinge oerlevering net ûnskansearre, of alteast ûnferoare, trochstien hawwe. Nei't it delskreaun wie, is it mar oerlevere yn ien inkeld hânskrift, en boppedat it it iennichste epos fan syn soarte, dat ferlikingsmateriaal is der net. Dat iene hânskrift, dat de ''British Library'' tsjintwurdich op 'e noed hat, stiet bekend as ''MS Cotton Vitellius A XV''. Dy namme is ûntstien trochdat it manuskript (''MS'') in hoart yn it besit wie fan 'e biblofyl en sammelder sir [[Robert Bruce Cotton]] († [[1631]]), yn waans bibleteek it it fyftjinde (''XV'') boek wie op 'e boppeste planke (''A'') fan 'e kaste dêrtdêr't in boarstbyld fan 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske]] keizer [[Fitellius]] op stie. Wylst it eigendom fan Cotton wie, moat it ynbûn wêze mei noch in oar Midsiuwsk hânskrift dat folle letter datearre wurdt.
 
[[File:Beowulf geography names.png|thumb|left|250px|De likernôge kriten dy't bewenne waarden troch de yn ''Beowulf'' neamde folken yn 'e snuorje dat it ferhaal spile.]]