Universiteit Utert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L st
Rigel 23:
 
== Skiednis ==
Yn 1634 krige Utert in [[yllústere skoalle]] dêrtdêr't nei de [[Latynske skoalle]] in ferfolchoplieding folge wurde koe. De yllústere skoalle waard ferbûn oan de [[Uterts Steedlik Gymnasium|Hiëronymusskoalle]] en twa jier letter ferhefd ta universiteit. De iepening fan de Universiteit Utert wie op [[26 maart]] [[1636]]. De inaugurale rede waard holden troch heechlearaar teology [[Gisbertus Voetius]]; de earste [[rector magnificus]] wie heechlearaar [[rjochten]] en [[wiskunde]] Bernardus Schotanus.<ref name=Jamin>Jamin, Hervé (2001), ''Kennis als opdracht: De Universiteit Utrecht 1636-2001'', Utjouwerij Matrijs, Utert</ref> De universiteit hie by de iepening inkelde tsientallen studinten en sân heechleararen ferdield oer fjouwer fakulteiten: de filosofyske, dy't alle studinten in [[propedeuze]] oanbea, en de trije hegere fakulteiten, de teologyske, de juridyske en de medyske.
 
Utert bloeide yn de [[17e iuw]] op, nettsjinsteande de [[konkurrinsje]] fan de âldere universiteiten fan [[Universiteit Leien|Leien]] (1575), [[Universiteit fan Frjentsjer|Frjentsjer]] (1585) en [[Ryksuniversiteit Grins|Grins]] (1614) en fan de yllústere skoallen fan [[Universiteit fan Hurderwyk|Hurderwyk]] (1599, universiteit fanôf 1648) en [[Universiteit fan Amsterdam|Amsterdam]] (1632). Fral Leien wie in konkurint dêr't rekkening mei hâlden wurde moast. Dêrom moasten de nedige ynvestearring dien wurde. De stedsbibleteek yn de Janstsjerke krige de funksje fan [[Universiteitsbibleteek Utert|universiteitsbibleteek]]. It [[Catharijnegasthûs (Utert)|Catharijnegasthûs]] waard yn 1636 in akademysk sikehûs foar de medyske fakulteit. In [[Alde Hortus|medyske krûdetún]] waard yn 1639 op it [[bolwerk]] Sonnenborgh oanlein. Trije jier letter waard in [[stjerrewacht]] op de [[Smeetoer]] ynrjocht, dy't letter ek brûkt wurde soe foar [[Meteorology|waarkundige]] waarnimmings. Teffens waard yn dy begjinjierren de [[Maliebaan]] iepene dêr't it [[Maly (spul)|malyspul]] spile wurde koe.