Bernard Hinault: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 5:
 
Syn alsidichheid docht bliken út it grutte tal omlopen en fytsklassikers dy't er wûn. Hinault wie nei [[Jacques Anquetil]] en [[Eddy Merckx]] de tredde hurdfytser dy't de [[Tour de France]] fiif kear wûn. Dy prestaasje waard letter allinnich helle troch [[Miguel Indurain]] en ferbettere troch [[Lance Armstrong]], dy't yn [[2005]] foar de sânde kear op rige de Tour de France op syn namme brocht.
Dêrneist wûn er trijeris de [[Giro d'Italia]] en twarrestwaris de [[Vuelta d'Espana]]. Hinault is boppedat ien fan de pear hurdfytsers dy't de Omlopen fan Itaalje en Frankryk yn ien seizoen wûn. Hy die dat twa kear, yn 1982 en yn 1985.
 
Allyksa stiet syn namme mear as ien kear op de earelist fan de [[Waalse Pylkl]], [[Luik-Bastenaken-Luik]] en de [[Omloop fan Lombardije]]. Hinault hie it mier oan de kasseien fan [[Parys-Roubaix]], mar it tekenet syn eargefoel dat hy it dêr krekt allike lang besocht oant er dy presizjeuze priis yn 1981 wûn.