Feriening Ald Harns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 3:
Yn [[1963]] kaam de [[Hein Buisman Stichting]] derby, oprjochte troch de Ljouwerter [[Hein Buisman]] dy't him it lot fan de stêd Harns oanluts. De Hein Buismanstichting hat al mear as 70 histoaryske pânen restaurearre.
 
De Feriening Ald Harns stribbet op in oare wize har doelen nei. Sa hâldt se sekuer alle foarnommen besluten, bouaktiviteiten en foarnimmens ta sloop yn'e gaten en besiket dy eventueel te feroarjen. As it needsaaklik is wurde beswierskriften yntsjinne. De feriening jout ek foarljochtingen. Dêrom is der twarrestwaris yn jier in ledegearkomst mei lêzingen, films of diafoarstellingen oer har wurkterrein. Elts jier ferskynt ek it ledemagazine mei in soad nijsgjirrige artikels oer notiids en destiids fan de stêd Harns.
 
De feriening hat ek kontakten mei it [[Hannemahûs]] en de Hein Buismanstichting en hat in Wurkgroep Stedshistoarje en in Filmfûns foar histoaryske films.