Anna (hillige): ferskil tusken ferzjes

Gjin feroaring yn grutte ,  2 jier lyn
L
st; taal
(kt)
L (st; taal)
 
De ûnbekende skriuwer fan de ''Berte fan Marije'' neamt himsels Jakobus, in soan út it earste houlik fan Jozef. Hy docht it foarkommen oft er tsjûge wie fan de berte fan Jezus. De skriuwer linet yn syn ferhaal tige op grutte bibelske figueren as Sara en Abraham, Hanna en Elkana, en wurket de ferhalen oer de berte fan Jezus út de evangeeljes fan Matteüs en Lukas fierder út.
 
Sa ûntstiet in nij ferhaal, dat grutte ynfloed hân hat op de folksdevoasje en troch dizze omwei ek op it teologysk tinken oer Marije. Yn letter iuwen is de leginde fierder útwreide. Net allinnich Jozef, mar ek Marije stammet ôf fan kening David: sawol fan heites as fan memmes kant is Jezus fan keninklike bloede. Dat is yn letter tiden (ikonografysk) útbylde yn de [[beam fan Jesse]]. Yn de [[13e iuw]] komt it ferhaal op fan de trije houliken fan Anna. Se waard twarrestwaris widdo, wertroude allebeide kearen en krige út elk houlik in dochter. Sa ûntstie de famylje fan Anna, dy't it [[Sibskip|faamskip]] neamd wurdt.
 
De ferearing fan Anna begjint yn de fiifde/seisde iuw yn it Midden-Easten en komt al gau nei it Westen (Feneesje en Rome). Se berikt har hichtepunt yn de 15e en 16e iuw. Yn dy tiid ûntstiet in tige spesjale ôfbylding [[Anna trijerisom]]: Anna mei Marije en Jezus. Yn de fyftjinde iuw wurdt se benammen útbylde as frou dy't op har earm in famke (Marije) draacht, dy't in lyts bern (Jezus) fêsthâldt. Om 1600 sitte Marije en Anna faak op in bank, wylst Jezus as lyts bern tusken harren yn stiet. Anna hat dan fakentiden in boek of frucht yn har hân en stiet faak by in poarte.
12.645

bewurkings