Tjeerd Bottema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw De Tynje oanpast fanwege de betsjuttingsside.
L st
Rigel 10:
Underwilens slagge Tsjeard yn 1904 foar de M.U.-akte Tekenjen en doe koe er (nei't er earst noch gau it etsen oanleard hie) nei de Ryksakademy foar Byldende Keunsten yn [[Amsterdam]]. Want skilderje mei oaljeferve, dat wie wat er woe en blykber ek koe. Yn 1907 helle Tsjeard Bottema de gouden medalje fan de [[Prix de Rome]]. Doe koe er fjouwer jier lang twatûzen goune(!) it jier barre. Fan Rome (dêr't er de byldhouwer [[Pier Pander]] fan [[de Knipe]] moete), reizge er ôf nei Marokko, Spanje en Frankryk. Doe woe er noch graach nei [[Ingelân]] ta, benammen om it wurk fan [[William Turner]], en dat krige er ek klear.
Werom yn Nederlân trouwdetroude Tsjeard op 28 desimber 1811 yn Laren (N.H.) mei Cornelia van Amstel, dy't fan de stêd [[Utert (stêd)|Utert]] kaam. It pearke hie inoarren kinnen leard op de Ryksakademy. Sy krigen twa dochters, ien yn 1913 en ien yn 1918.
Yntiids hie Tsjeard him al mar mear talein op it etsen. Hy skreau út en troch ek in berneboek dêr't er sels de printsjes by makke.