Georgje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 53:
De ynvaazje fan de [[Mongoalen]] makke in ein oan de bloeitiid, en wie it begjin fan in nije rige oerhearskers. Nei de Mongoalen kamen de Ottomanen en wer de Persen, oant it lân yn de [[19e iuw]] yn de [[Ruslân|Russyske]] ynfloedssfear kaam. Nei in koarte perioade fan ûnôfhinklikens tusken [[1918]] en [[1921]], wie op 'e nij ''Moskou''' baas yn Georgje, mei diskear de [[kommunisme|kommunisten]] dy't de skepter swaaiden.
 
Sûnt [[1991]] is Georgje, foar it earst sûnt de 14de iuw, foar langere tiid ûnôfhinklik. It lân kaam yn dy jierren yn in ekonomyske resesje wat late ta in [[boargeroarloch]]. Yn [[1995]] kaam [[Eduard Sjeverdnadze]] oan de macht. De ekonomyske tastân ferbettere net en de korrupsje naam allinne mar ta. Nei swiere protesten fan de befolking yn novimber 2003 gong Sjeverdnadze as presidentpresidint ôf. Nije ferkiezings yn 2004 brochten [[Mikheil Saakasvili]] oan de macht, en makken dêrmei de Nederlânske [[Sandra Roelofs]] de presidintsfrou fan Georgje.
 
Yn [[2008]] sette de [[Russysk-Georgyske Oarloch]] útein nei in deimannich fjochtsjen yn [[Súd-Osseesje]]. De Georgyske troepen besochten dêrby Súd-Osseesje werom te feroverjen, mar dat mislearre en se waarden ferslein troch de Súdosseten en harren bûnsgenoaten, de [[Ruslân|Russen]] en de [[Abgaazje|Abgazen]].