Nelson Mandela: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 7:
Nei 27 jier finzenskip kaam hy yn febrewaris [[1990]] frij, mei tastimming fan de destiidske presidint [[Frederik Willem de Klerk|De Klerk]]. Syn frijlitting soarge oer de hiele wrâld foar in soad bliidskip. It ferbod op it ANC waard opheft en Nelson waard yn july 1991 keazen ta nije foarsitter. Mei it doetiidske regear fierde hy ûnderhandelingen oer de takomst fan Súd-Afrika. Der kaam in tydlik regear dat as taak krige it om herfoarmings yn te fieren en it lân te lieden nei frije ferkiezings foar elkenien.
 
De ferkiezings waarden troch it ANC wûn. Yn 1994 waard der in nasjonaal ienheidsregear gearstald mei Mandela as presidentpresidint (hy wie doe 75 jier). Mandela groeide gau yn syn rol fan âldere steatsman en koe mei help fan û.o. biskop [[Desmond Tutu]], in sfear fan nasjonale fersoening ta stân bringe.
 
Yn desimber 1997 stoppe hy as presidint fan it ANC ta geunste fan syn opfolger, [[Thabo Mbeki]]. Sûnt dy tiid hat er benammen in seremoanjele funksje.