Thomas Jefferson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat
L st (sjoch https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Oerlis:Fise-presidint&oldid=990083)
Rigel 63:
Fan [[1779]] oant [[1781]] wie er [[gûverneur]] fan [[Firginia]].
 
Fan [[1785]] oant [[1789]] wie Thomas Jefferson ambassadeur yn [[Frankryk]], wêrtroch't er de [[Frânske revolúsje|Frânske Revolúsje]] fan tichtby bestudearje koe. Dêrnei wie er fan [[1790]] oant [[1793]], ûnder presidint [[George Washington]], ''secretary of state'' (minister fan Bûtenlânske Saken). Nei yn 1792 al presidintskandidaat west te hawwen, waard er nei de Amerikaanske presidintsferkiezingen fan 1796 in [[1797]] vicefise-presidint ûnder [[John Adams]]. Nei de ferkiezingen fan 1800 waard er yn [[1801]] presidint. Hy bleaun dat twa terminen, nei ek de ferkiezingen fan 1804 wûn te hawwen, oant [[1809]].
 
As minister fan Bûtenlânske Saken en as vicefise-presidint kaam Jefferson yn ferset tsjin de yn syn eagen te sterk sintralisearre macht fan de regearing, wêrtroch't er mei sawol Hamilton as John Adams yn konflikt kaam. As presidint wie Jefferson sels lykwols frij dominant. It leafst oerlei er mei syn ministers fia ien-twaatsjes, yn stee fan yn de foltallige ministersfergadering. Him waard 'monargistysk' gedrach ferwiten, wêrmei't er syn eigen ideeën oer regearjen geweld oandie.
 
== Presidint ==