Sybrandus Johannes Fockema Andreae (rjochtshistoarikus): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
Rigel 2:
'''Sybrandus Johannes Fockema Andreae''' ([[Beetstersweach]], [[4 juny]] [[1844]] - [[Leien]], [[17 jannewaris]] [[1921]]) wie in Frysk heechlearaar yn it âld-Hollânsk rjocht. Fockema Andreae wie de heit fan [[Joachimus Pieter Fockema Andreae]] en de pake fan argivaris [[Sybrandus Johannes Fockema Andreae (argivaris)|Sybrandus Johannes Fockema Andreae]].
 
Fockema Andreae gie nei it gymnasium yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en waard yn 1863 studentstudint yn [[Leien]]; promovearre yn 1868 ta doktor yn de rjochtsittenskip op in dissertaasje oer it burorjocht.
Fockema Andreae waard beneamd ta [[kantonrjochter]] op [[De Lemmer]] en [[Hillegersberg]], dêrnei ta [[rjochter]] yn [[Leien]] en [[Amsterdam]]; yn oktober 1877 waard hy beneamd ta heechlearaar oan de [[Universiteit Leien|Leidske Hegeskoalle]] en koart dêrop naam er dit amt oan mei in rede oer '' de gronden voor de beoefening der Germaanse Rechtsgeschiedenis'' en waard hy belêste mei it ûnderwiis yn de Nederlânske rjochtsskiednis; hy skreau artikelen as ''Overzicht van Oudnederlandse Rechtsbronnen.'' (1881), ''De Stad Vollenhove en haar recht'' (1885), ''Bijdragen tot de Nederlandse Rechtsgeschiedenis'' (1888) ensfh.