Doede Veeman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 35:
Mei [[Piter Wilkens]] tegearre joech Veeman in tsiental lietskriuwkursussen foar it [[FLMD]] (letter Tresoar). Mei dyselde Piter Wilkens, [[Gurbe Douwstra]] en [[Jaap Louwes]] die hy in tal programma’s fan ''Trûbadoersjûnen''. Yn 2004 ferskynde dêrfan de cd ''Der tuskenút''. It meiïnoar lieten skriuwe en meiïnoar elkoars lieten spylje befoel sa goed dat sy dêr oant ein 2009 noch mei trochgiene. Yn 2007 ferskynde de life yn Arum opnommen ''De âlde púndyk bydel''.
 
Yn maaie 2016 gie it program ''Wâldfrysk'' yn premiêre. Dit program makke Veeman mei [[Herman Peenstra]], Carel van Leeuwen en Marcel Prins fan de groep ''RemoliNo''. It bestie út in kombinaasje fan Fryske lieten en ynstrumentaleynstrumintale wrâldmuzyk. Mei de muzikanten fan RemoliNo makke er yn 2009 de cd ''It is in spul''. Op dy cd stiene santjin lieten.
Mei RemoliNo die er mei oan it projekt ''De Misa Criolla en Navidad Nuestra op syn Frysk''. De muzyk fan dy mis en dy krystkantate wie fan Ariel Ramírez en waard útfierd troch Anneke Douma as soliste mei it koar Con Amore Musica, ûnder lieding fan Gerben van der Veen.
Veeman soarge mei Marleen Engelenburg foar de oersetting fan de teksten yn it Frysk. Yn 2013 begûn er mei syn nije programma ''WrâldWiis'', besteande út wrâldmuzyk mei Fryske teksten.