Mitridates VI: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 5:
Mitridates wie lange tiid flechteling en hy hat ferskillende kearen bruorremoard plege moatten om de [[troan]] fan Pontus bestiigje te kinnen. Hy bemachtige ynearsten fruchtbere en foar de hannel wichtige gebieten yn (it tsjintwurdige) Súd-Ruslân en rjochte syn polityk dêrnei op de oermastering fan [[Lyts-Aazje]]. By dat stribjen rekke er yn konflikt my de allyksa op ekspânsje beluste Romeinen.
 
Dekt troch in bûnsmaatskip mei [[Armeenje]] en stipe troch de ûntefreden befolking fan de Romeinske provinsje [[Asia (Romeinske provinsje)|Asia]], dy't in protte te lijen hie ûnder korrupsje en it ienhalige beleid fan de Romeinske steedhâlders, sette hy yn [[89 f.Kr.]] útein metmei de striid. Oeral dêr't Mitrades kaam waard er wijd en seid ynhelle as befrijer en befredige de wraaksucht fan de pleatslike befolking troch in organisearre slachtpartij: fanút [[Ephesus]] joech hy it sein om yn it hiele lân op ien dei alle út Itaalje ôfkomstige Romeinske ûnderdienen (goed 80.000) fermoardzje te litten. Nei dy slachting stuts er oer nei [[Grikelân]] dêr't de minsken him lyksa mei jûchei ûnthellen.
 
De tebekslach kaam doe't [[Sulla]] yn Grikelân ferskynde: hy naam Atene yn en fersloech Mitridates syn troepen by [[slach by Chaeronea|Chaeronea]]. Yn [[85 f.Kr.]] wie Lyts-Aazje wer yn Romeinske hannen en moast de befolking boete foar har opstân û.o. troch ûnfoech hege belêstingen.