Sinne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 7:
 
== Plak fan de sinne yn it [[universum]] ==
De sinne befynt him sa'n 27.000 [[ljochtjier]] fan it sintrum fan it [[molkenpaad]] yn de ûngefear 3000 ljochtjier dikke galaktyske skiif en op 1 [[Astronomyske Ienheid|AI]] (149,6 miljoen kilometer) fan de ierde. De sinne beweecht him mei in snelheid fan rûn de 220 km./sek yn ûngefear 226 miljoen jier ien kear rûn it sintrum fan ús stjerrestelsel, it molkenpaad. Binnen it [[molkenpaadstelsel]] is it in ûnopfallende, min of mear trochsnee stjer. Se is mei in trochhinne trochsnee fan sa'n 1.392.000 [[kilometer]] it grutste objekt yn ús sinnestelsel en beslacht 99,8% fan de massa fan ús hiele sinnestelsel. De sinne bestiet foar it grutste diel út [[wetterstof]]; yn de bûtenste lagen rûn de 91 molpersint of 70 massapersint. It oare elemint dat in protte foarkomt is [[helium]]; rûn de 9 molpersint of 28 massapersint. Yn it sintrum fan de sinne, dêr't troch kearnreaksjes wetterstof omsetten wurdt yn helium is it gehalte wetterstof nei alle gedachten leger (35 massapersint) en dat fan helium heger (63 massapersint). DizzeDy getallen binne fansels berekkene, net mjittenmetten.
 
== Keppeling om utens ==