Hillige: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 1:
[[File:Simon ushakov last supper 1685.jpg|right|thumb|250px|Yn 'e tradisjonele [[kristendom|kristlike]] [[ikoan|ikonografy]] waarden hilligen werjûnôfbylde mei [[strielekrâns]]en om 'e holle hinne, lykas op dizze werjefte fan it [[Lêste Jûnsmiel]]. (Merk op dat de [[ferrieder]] [[Judas Iskariot]] de iennichste is dy't gjin strielekrâns hat.)]]
In '''hillige''' is persoan dy't rûnom bekenstiet om syn bûtengewoane graad fan 'hillichheid', oftewol likenis mei [[God (monoteïsme)|God]] of de [[god|goaden]]. Alde, yn ûnbrûk rekke [[Frysk]]e [[synonym|synonimen]] binne '''sant''' foar in [[man (sekse)|manlike]] hillige en '''santinne''' foar in [[frou]]like hillige. Hoewol't de oantsjutting 'hillige' yn 'e regel assosjearre wurdt mei de [[roomsk-katolisisme|roomsk-katolike]], [[Anglikaanske Tsjerke|anglikaanske]], [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdokse]] en/of [[oriïntaalsk-otterdoksy|oriïntaalsk-otterdokse]] streamings fan it [[kristendom]], brûke [[godstsjinst]][[histoarikus|histoarisy]] dyselde term no ek yn in bredere sin foar it soarte fan 'hillichheid' dat ek oare religyen oan beskate persoanen taskriuwe. Sadwaande wurde de ''[[tzadik]]s'' fan it [[joadendom]], de ''[[mu'min]]'' fan 'e [[islaam]], de ''[[rishi]]'' fan it [[hindoeïsme]], de ''[[bodhisattva]]'' fan it [[boedisme]] en de [[goeroe]]s fan it [[sikhisme]] no allegear wol oantsjut as hilligen.