Henk Feldmeijer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 12:
 
=== Twadde Wrâldkriich ===
Justjes foar de Dútse ynfal fan Nederlân yn 1940 waard Feldmeijer mei noch in tal NSB-pommeranten fêstset en yn de maaiedagen fan 1940 nei Frankryk oerbrocht, dêr't er op 30 maaie 1940 yn Calais troch de Dútsers befrijd waard. Werrom yn Nederlân koe er it rillegau goed fine mei SS-lieder [[Hanns Albin Rauter|Rauter]]. Op 11 septimber 1940 waard him hjitten om de [[Nederlânske SS]] op te rjochtsjen, tsjin Mussert syn sin yn, dy't neat seach yn de SS. It hie in protte skeel yn de NSB fan gefolgen;, metmei oan de iene kant Mussert en oan de oare kant Feldmeijer en ek Rost van Tonningen.
 
De ''Nederlandsche SS'' waard lang om let in foarportaal fan de [[Waffen-SS]]. In protte Nederlânske SS'ers namen tsjnst by de Waffen-SS en waarden ynset oan it [[Eastfront]]. Feldmeijer folge dat foarbyld ek, hy tsjinne yn 1941 by de [[Leibstandarte-SS "Adolf Hitler"]] op de Balkan en yn 1942/43 by de ''[[SS-division Wiking]]'' yn Ruslân. Foar syn optreden by de Waffen-SS krige Feldmeijer û.o. it [[Izeren Krús (Dútslân)|Izeren Krús]].