Martinytsjerke (Easterein): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 2:
De '''Martinytsjerke''' of '''Martinustsjerke''' is in [[tsjerke]]gebou en [[ryksmonumint]] yn [[Easterein]], neamd nei de hillige [[Martinus fan Tours|Sint-Martinus]] of Sint Merten. De aadlike famyljes Bonnema, Eysinga, Rispens, Tsjaarda, Mylema, de Gavere, Bonga, Donia, Heeringa hawwe har stimpel drukt op it sosjale libben fan Easrein tusken 1500 en 1900. Op de kreake is in soad fan de ferhâlding tusken adel en geastlikheid ôf te lêzen.
 
Ien fan de âldste polders oan de eardere [[Middelsee]] wie it "Eilân fan Easterein ". Op it eastlike part kaam in tsjerkje mei it koardiel nei Jeruzalim troch it opheegjen metmei klaaigrûn. Ein 11e iuw waard by dit tsjerkje in [[stins]] boud. Yn de 14e iuw is de hjoeddeiske tsjerke mei toer boud. De parochy Easterein is boud mei help fan in tal omlizzende kleasters, benammen dy fan de haadtsjerke yn Boalsert. Letter waard de Eastereinder tsjerke sels haadtsjerke. Nei de Reformaasje bleau de tsjerke yntakt al hawwe der sûnttiids meardere restauraasjes west. Mids 19e iuw is de tsjerke ynrjochte as herfoarme steatstsjerke.
 
Yn de toer hingje twa liedklokken, ien fan [[Steven Butendiic]] út 1468 en ien fan [[Jacob Noteman]] út 1645. It ynterieur hat in 19e iuwske wytferve [[preekstoel]] en fjouwer 17e iuwske [[hearebank]]en. It oargel is fan 1870 en is makke troch oargelbouwer [[Willem Hardorff]].