Isaak Levitan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L fl
Rigel 8:
Yn septimber 1873 waard Levitan oannomd oan de Moskouske Skoalle foar Skilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer, dêr't er ûnderrjocht krige fan [[Aleksej Savrasov]], [[Vasili Perov]] en [[Vasili Polenov]]. Doe't syn mem stoar en syn heit slim siik waard en hy syn húshâlding net mear únderhâlde koe, krige Levitan in beurs sadat er op skoalle bliuwe koe; dat wie yn 1875. Yn syn stúdzjetiid krige Levitan kunde oan [[Konstantin Korovin]], [[Michail Nesterov]] en [[Michail Tsjechov]], en fia de lêste mei syn broer, de ferneamde skriuwer [[Anton Tsjechov]]. Levitan kaam faak oer de flier by Tsjechov, en faaks wie er fereale op Tsjechov syn suster, Anna Pavlova Tsjechova.
 
Syn earste útstalling wie yn 1877 en waard posityf ûntfongen yn de parse. Nei [[Aleksander Solovjev]]'s mislearre oanslach op Aleksander II, yn maaie 1879, waard de famylje Levitan twong om te ferhúzjen nei de foarstêd Saltikovka, út reden fan nije beheinende wetjouwing tsjin joaden, mar troch it krewearjen fan bewûnderers mocht Levitan dyselde hjerst al werom nei Moskou. Fan 1880 ôf waard Levitan's wurk oankocht troch keunstsamler en filatroopfilantroop [[Pavel Tretjakov]]; dizze skilderijen binne no part fan de kolleksje fan de [[Tretjakovgalery]].
 
By de tentoanstelling fan de Swalkers yn 1884 wiene ek skilderijen fan Levitan. Yn 1891 waard er as lid talitten ta de Swalkers. As lânskipsskilder ''pur sang'' skildere Levitan hast gjin stedsgesichten, skepte er in eigen fariant op it saneamde ''stimmingslânskip'', dêr't de foarmen en tastannen fan de natoer yn fergeastlike waard en feitlik stâl joech oan de tastannen fan de minsklike siel.