Blaauwhof (wenwyk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[
L st
Rigel 45:
De bou begûn oan de westkant fan de wyk mei de strjitsjes tusken de Bûtsingel en de Midstrjitte. Dêrnei waard it diel tusken de Bûtsingel en de drafbaan oanlein. As lêste waarden de diken trochlutsen oan de Skien ta, en waard it diel tusken de Uilke Boonstraleane en Blauwhofleane oanlein. Foar de oanlis fan de wyk waarden yn de Midstrjitte inkele winkels ôfbrutsen. Sa koe de Pastorieleane, de wichtichste noard-súd-ferbining, mei de Midstrjitte ferbûn wurde.<ref>Redaksje (28 juny 1955): [http://kranten.kb.nl/view/article/id/ddd%3A010686664%3Ampeg21%3Ap003%3Aa0064 'Joure breidt zich snel uit'], ''De Heerenveensche koerier''.</ref>
 
De útwreidingsplannen besloegen net it gebiet tusken de Blaauwhofleane en de Hege Simmerdyk. Yn it gebiet by de Hurddraversdyk kamen sportfjilden fan [[Fuotbalferiening SC Joure|SC Joure]]. Geandewei kamen der mear sportfjilden by. It eastlike diel wie lange tiid eigendom fan de [[Fraters fan Tilburg]], en bleau noch desennia braak lizzen. Om 1994 kochten twa fêstguodbedriuwen dêr mienskiplik grûn op, om in filabuertfillabuert te ûntwikkeljen: ''Groenhof''. Hjir kamen hast allinnich frijsteande wenten te stean, op kavels dy't allegear oan wetter leine. Dêr omhinne is in parkje oanlein.<ref>Redaksje (4 maart 1994): [http://kranten.kb.nl/view/article/id/ddd%3A010623178%3Ampeg21%3Ap020%3Aa0360 '"Plan Sint Nyk is te groot voor particulieren"'], ''Ljouwerter Krante''.</ref> It kontrast is grut mei de rest fan de wyk, dêr benammen rychjeshuzen steane.
 
=== Tram ===