Ferskil tusken ferzjes fan "Hagia Sofia (Istanbûl)"

L
Linkfix
L (Undid edits by 95.70.128.11 (talk) to last version by Ieneach fan 'e Esk)
L (Linkfix)
[[File:Hagia Sophia, Istanbul (37838171516).jpg|thumb|left|200px|<center>''Kearûbyn''</center>]]
Yn 726 feardige keizer [[Leo III fan Byzantium|Leo III]] in rige edikten út tsjin de ferearing fan ôfbylden. Hy joech it leger opdracht om alle [[ikoan]]en te ferneatigjen. Dat wie it begjin it tiidrek fan it byzantynske [[ikoanoklasme]]. Alle religieuze bylden en ôfbylden waarden út de Hagia Sofia ferwidere.
[[File:Henricus Dandolo.jpg|thumb|260px|<center>''Senotaaf Enrico Dandolo''</center>]]Nei't troch in grutte ierdskodding op 25 oktober 989 in de westlike koepelbôge ynstoartte, frege keizer Basilius II oan de [[Armenen|Armeenske]] [[Trdat (arsjitekt)|Trdat]], de arsjitekt fan de katedraalen fan [[Ani|Ani]], om de lieding te nimmen fan de reparaasjes. Dêr wie Trdat seis jier mei dwaande en op 13 maaie 994 waard de katedraal op 'e nij iepene. Njonken de rekonstruksje waarden ek de dekoraasjes fan de katedraal renovearre. Dêrnjonken waarden der fjouwer ûnbidich grutte fresko's fan [[Kearûbyn|kearûbinen]] en in nije Kristusfoarstelling yn de koepel tafoege en yn de [[apsis]] in foarstelling fan de Jongfaam Marije mei yn har hannen Jezus tusken de apostels [[Petrus]] en [[Paulus]]. Op de grutte sydbôgen waarden foarstellings skildere fan de profeten en de tsjerkfaars.
 
Mei de [[Latynske Ry|Latynske besetting fan Konstantinopel]] (1204–1261) waard de tsjerke plondere en in [[Roomsk-Katolike Tsjerke|roomsk-katolike]] katedraal. In soad reliken waarden nei it Westen stjoerd en kinne tsjintwurdich dêr yn musea sjoen wurde. Enrico Dandolo, the [[doge]] fan [[Republyk Feneesje|Feneesje]] dy't opdracht joech om de stêd yn te fallen en te plonderjen, leit yn de tsjerke begroeven. Yn de 19e iuw liet in Italjaansk restauraasjeteam in [[senotaaf]] op de mooglike lokaasje (de eastlike boppegalerij) oanbringe, dy't noch altiten sichtber is. De stien wurdt faak troch toeristen beskôge as in midsiuwske stien fan it grêf fan de doge, mar de echte tombe waard troch de Ottomanen ferneatige nei't se de stêd yn 1453 oermasteren en de katedraal yn in moskee feroaren.
1.955

bewurkings