Donskoj-kleaster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Flag_of_Moscow.svg ferfange troch Flag_of_Moscow,_Russia.svg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: to avoid confusion with other moscows).
L st
Rigel 41:
In grut kleaster wie it ynearsten net. Yn de ûnrêstige tiid tusken 1604 en 1613 waard it troch [[Poalen|Poalske]] troepen ferneatige en bleau it foar in lange tiid ferlitten. De sitewaasje fan it kleaster begûn te feroarjen doe't oare kleasters oan it Donskoj-kleaster waarden tawiisd. Tsjin de ein fan de 17e iuw waard mei help fan tsarevna Katarina Aleksejevna útein set mei in omfangryk bouprogramma. Yn 1698 waard in folle gruttere katedraal ynwijd. Dy ek oan it Don-ikoan wijde tsjerke wurdt ek wol de Grutte Katedraal neamd. Likernôch yn deselde tiid (1686-1711) krige it kleaster in nije bemuorring mei tolve tuorren, dy't wol wat ha fan de tuorren fan it [[Nowodewitsjy-kleaster|Novodewitsjy-kleaster]].
[[File:Murder of Archbishop Ambrosius (Geoffroy, 1845).JPG|thumb|250px|''De oanslach op aartbiskop Ambrosius (Charles Michel Geoffroy, 1845)'']]
It gyng it kleaster yn de 18e iuw goed foar de wyn en it besiet in soad grûn mei liifeigenen. Yn dy tiid ûntstie it kleaster sa't it tsjintwurdich oerlevere is. Der waard in poartetsjerke boud (1713-1714), in klokketoer boppe de westlike poarte (foltôge yn 1753) en in ferbliuw foar de archimandriten (1745-1750). Ek kamen der oare nije gebouwen, wyltswylst de muorren fan de Grutte Katedraal beskildere waarden mei nije fresko's fan de italjaanske keunstner [[Antonio Claudio]].
[[File:Донской монастырь 012 копия.jpg|thumb|200px|left|''De Grutte Katedraal'']]