Ottawa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st; fl
Rigel 32:
[[Ofbyld:Rideau Hall04.jpg|thumb|left|250px|''Rideau Hall'', residensje fan de Gûverneur-generaal]]
[[Ofbyld:Ottawa-parlement.jpg|thumb|left|250px|It Kanadese Parlemintsgebou]]
As federale haadstêd fan Kanada binne yn Ottawa in soad regearingsgebouwen, wêrfan it parlemintsgebou it wiidst ferneamd is. Fierder befynt it Kanadese hegerjochtshôf harhim yn de stêd en ek de offisjele residinsjes fan de minister-presidint fan Kanada (''24 Sussex Drive / 24, promenade Sussex'') en dy fan de [[Gûverneur-Generaal fan Kanada]] (''Rideau Hall''). Fierder binne der in soad [[museum]]s yn Ottawa lykas de ''National Gallery of Canada / Musée des beaux-arts du Canada'' en it ''Canadian War Museum / Musée canadien de la guerre''.
 
De Universiteit fan Ottawa is ien fan de âldste universiteiten fan it lân.
 
== Skiednis ==
De earste Jeropese delsettings yn it gebiet waarden dêr fêstige fanwege de houtyndustrie. Nei de [[Oarloch fan 1812]] waard ymmigraasje nei Ottawa troch de oerheid stimulearre en it tal ynwenners naam hurd ta. Kolonel John By naam yn [[1832]] it inisjatyf foar de oanlis fan it Rideaukanaal, in alternative roeterûte nei [[Montréal]] dy't fiederfierder fan de Amerikaanske grins ôf leit. De stêd dy't hjirtroch ûntstie waard Bytown neamd en de oanlis fan it Rideaukanaal joech de regio ekstra betsjutting foar de hannel. Yn [[1855]] waard de namme Bytown feroare nei Ottawa.
 
Ottawa waard op [[31 desimber]] [[1857]] as de haadstêd fan Kanada keazen: de kar foar de stêd wie in kompromys, omdat oare kandidaten lykas [[Montréal]] en [[Toronto]] tefolle yn de Frânske of Ingelske tradysje stienen. Boppedat lei de stêd in stik fierder fan de Amearikaanske grins ôf, wat as in (militêr) foardiel beskôge waard.