Henk Feldmeijer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 101III-Stenzel-026-22, J. Hendrik Feldmeyer.jpg|thumb|Feldmeijer as SS'er yn 1941]]
'''Johannes Hendrik Feldmeijer'''<ref>Namme by fonnis fan [[Rjochtbank Grins|Arrondissemintsrjochtbank yn Grins]] op 21 septimber 1915 wizige fan Veldmeijer yn Feldmeijer</ref> ([[Assen]], [[30 novimber]] [[1910]] - [[Raalte]], [[22 febrewaris]] [[1945]]) wie in [[Nederlân]]sk [[Fasisme|fasistyskfassistysk]] politikus en lid fan de [[Waffen-SS]]. Hy wie lid fan de [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging]], oanfierder fan de "[[Mussert-Garde]]" (in op de [[Schutzstaffel|SS]] lykjende jongereinbeweging fan de NSB) en ien fan de grûnlizzers fan de ''[[Nederlânske SS|Nederlandsche SS]]'' dêr't er de foaroanman fan waard.
 
== Oplieding ==
Yn 1928 kaam er fan de [[hegereboargerskoalle|hbs]] en gong wis- en natuerkunde studearjen oan de [[Ryksuniversiteit Grins]]. Yn [[1932]] waard hy lid fan de doe krekt oprjochte [[NSB]]. Yn 1935 sakke er foar syn kandidaatseksamen en stoppe dêrnei mei syn stúdzje om alle tiid te hawwen foar syn NSB-taken. Yn 1930/31 gie er ûnder tsjinst (by de [[loftdoelartillery]]) en waard reserve-offisier, mar yn 1935 krige er út reden fan syn NSB-lid wêzen dien as reserve-offisier.
 
== Aktyf foar it fasismefassisme ==
=== NSB-bestjoerder ===
Fan 1937 ôf krige Feldmeijer hieltyd mear en mear wichtige funksjes yn de NSB. Hy waard bygelyks bestjoerslid fan ''[[Der Vaderen Erfdeel]]'', in stichting mei it doel om de "Dietse" geast fan Nederlân te ûndersykjen en te befoarderjen. Feldmeijer fielde him oansprutsen troch de ideology fan de [[Schutzstaffel]] (SS). Dêr wie lykwols yn NSB-rûnten net folle romte foar dat hy hie bûten de NSB om en kontakten mei SS'ers yn [[Dútslân]].
 
Yn 1939 rjochte Feldmeijer ûnder tafersjoch fan [[Meinoud Rost van Tonningen]], in rivaal fan Mussert yn de NSB, de saneamde [[Mussert-garde]] op, nei foarbyld fan de SS.
 
=== Twadde Wrâldkriich ===
Justjes foar de Dútse ynfal fan Nederlân yn 1940 waard Feldmeijer mei noch in tal NSB-pommeranten fêstset en yn de maaiedagen fan 1940 nei Frankryk oerbrocht, dêr't er op 30 maaie 1940 yn Calais troch de Dútsers befrijd waard. WerromWerom yn Nederlân koe er it rillegau goed fine mei SS-lieder [[Hanns Albin Rauter|Rauter]]. Op 11 septimber 1940 waard him hjitten om de [[Nederlânske SS]] op te rjochtsjen, tsjin Mussert syn sin yn, dy't neat seach yn de SS. It hie in protte skeel yn de NSB fan gefolgen,; mei oan de iene kant Mussert en oan de oare kant Feldmeijer en ek Rost van Tonningen.
 
De ''Nederlandsche SS'' waard lang om let in foarportaal fan de [[Waffen-SS]]. In protte Nederlânske SS'ers namen tsjnsttsjinst by de Waffen-SS en waarden ynset oan it [[Eastfront]]. Feldmeijer folge dat foarbyld ek, hy tsjinne yn 1941 by de [[Leibstandarte-SS "Adolf Hitler"]] op de Balkan en yn 1942/43 by de ''[[SS-division Wiking]]'' yn Ruslân. Foar syn optreden by de Waffen-SS krige Feldmeijer û.o. it [[Izeren Krús (Dútslân)|Izeren Krús]].
 
Werom yn Nederlân krige er de lieding fan Rauter oer it ''Sonderkommando-Feldmeijer'', dat yn 1943 represaljesrepresailles op Nederlânske boargers nei oanslaggen fan it ferset útfierde. Dat barde ûnder de namme ''[[Aksje Sulverdin|Aktion Silbertanne]]''. Ek krige Feldmeijer begjin 1945 it befel oer in bataljon fan ''[[34. SS Freiwillige Grenadier Division Landstorm Nederland|Landstorm Nederland]]''. Op 22 febrewaris 1945 waard, ûnderweis nei it front, syn auto besketten troch in alliearde jachtfleanmasine dêr't Feldmeijer by omkaam.
 
{{boarnen|boarnefernijing=