Huldrych Zwingli: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
L st
Rigel 37:
Yn 1519 briek de [[pest]] yn Zürich út en yn septimber fan dat jier waard ek Zwingli troffen. Hy oerlibbe lykwols, mar de sykte hie him sloopt en hie him in jier lang ferswakke. Dy tiid brûkte Zwingli om gedichten en lieten te skriuwen. Ek hat de sykte syn begryp fan God beynfloede, om't er syn genêzing oan Gods wurk taskreau.
 
Zwingli publisearre yn 1522 mei "''Von Erkiesen und Freiheit der Speisen''" (oers.: Oangeande de Kar en Frijheid fan Iten) syn earste reformatoaryske útiensetting tsjin it fêsten yn de roomske tsjerke. It wurk skreau er nei oanlieding fan it brekken mei de fêsteltiid by Christoph Froschauer, dat bekend wurde soe as de Affêre fan it Woarstiten. Zwingli sels wie ek by it woarstiten yn de fêsteltiid oanwêzich, mar hy die der sels net oan mei. Mei syn útiensetting rjochtfeardige er it hanneljen en skreau dat it fêsten tsjin it kristlike leauwe yngyng. Zwingli wie der fan oertsjûge dat de Bibel en net de tradysjes fan Rome de boarne fan it kristlike leauwe wie. De biskop fan Konstanz krige fan Zwingli in brief, dêr't er mei tsien oaren yn ferklearre dat se "mei God wisberet wiene, it Evangeelje sûnder ophâlden te preekjen" en fregen om opheffing fan it [[selibaat]]. [[Adrianus VI|Paus Adrianus VI]] besocht doe noch Zwingli mei in brief, dêr't de paus de frommens fan de reformator yn priizge, fan fiederefierdere stappen tsjin Rome ôf te hâlden.
[[File:Bild Zwingli Asper.jpg|thumb|250px|left|''Portret fan Huldrych Zwingli, 1549 (Hans Asper)'']]
Zwingli bleau nau ferbûn mei it distrikt Glarus en bleau brieven skriuwen mei ferskate persoanen as pastoar fan Zürich. Op 12 oktober 1522 preekte Zwingli sels wer yn de parochytsjerke fan Glarus, doe't syn eardere learling Valentin Tschudi as haadselebrant de earste hillige misse opdroech. Yn dy preek liet Zwingli dúdlik fernimme dat it net mear deselde pastoar as foarhinne wie. Hy sei dêr dat wat er ea preke hie net de wierheid fertjintwurdige; hy naam ôfstân fan syn preken yn it tiidrek 1506-1516 as pastoar fan Glarus en rôp de bewenners fan Glarus op him yn de nije lear te folgjen.