Jens Emil Mungard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 6:
== Libben ==
[[File:Jens Mungard Teenkstiin.JPG|thumb|200px|Tinkstien foar Mungard yn Sachsenhausen]]
Jens Emil Mungard waard berne op it [[Noard-Fryslân|Noardfryske]] eilân [[Söl]]. Syn mem kaam te ferstjerren doe't er trije jier wie. Nei de dea fan syn mem wenne er by syn muoike. As jongkeardel wie er al aardich warber yn de [[literatuer]], benammen mei [[lyryk]] en [[mytology]]. Syn heit fûn it bêst dat syn soan sa besteld wie mei de literatuer, mar fiedersfierders koenen se net goed mei elkoar. Der wie in protte bemuoienis fan syn heit, ek doe't Jens folwoeksen wie.
 
Jens boaske yn [[1910]] en sette him mei syn wiif nei wenjen yn it hûs fan syn heit. It spantsje libbe yn grutte earmoede, en dat waard noch slimmer doe't it hûs yn 1921 folslein delbaarnde. It hûs rekke er kwyt, gong by de frou wei, en bruts letter mei syn famylje. Yn 1934 ferliet er in skoftlang it eilân.