Loadewyk de Dútser: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 10:
==Rebûlje tsjin syn heit==
Yn de earste boargerkriich tsjin it regear fan syn heit wie er amper by belutsen. Yn de twadde boargerkriich hiene syn bruorren [[Lotarius I]], doe [[kening fan Itaalje]], en [[Pepyn I fan Akwitaanje|Pepyn I]], hartoch fan [[Akwitaanje]], him oerhelle [[Hartochdom Swaben|Alemanje]], dy't harren heit oan harren jongere healbroer [[Karel de Keale]] jûn hie, oan te fallen. Hja seine Loadewyk it ferôvere lân ta nei in oerwinning. Yn [[832]] late er in leger [[Slaven (folk)|Slaven]] yn Alemanje, mar syn heit treau him werom. Loadewyk de Fromme hie him ûnturven, mar de opstannige soannen wisten harren heit finzen te nimmen en ôf te setten, mar waard gau wer oanstald. De keizer sleat doe frede mei syn soannen en Loadewyk krige yn [[836]] Beieren wer werom, dat er winliken nea ferlern hie.<br/>
Loadewyk begûn de tredde boargerkriich yn [[839]], nei't in stripe fan syn lân oan Karel de Keale jûn waard. Loadewyk foel Alemanje fannijs oan. Ditkear andere Loadewyk de Fromme fluch en de jongere Loadewyk waard fier yn it sudeastensúdeasten fan syn gebiet treaun en waard twongen frede te sluten.
 
==Boargerkriich 840-843==