Oerlis:COVID-19: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Taljochting
 
Rigel 1:
=Nammejouwing side=
In lytse taljochting op de namme fan de side. By it oanmeitsjen ha ik foar de namme COVID-19 keazen, yn it earste plak omdat dit de offisjele namme fan de sykte is. Yn it twadde plak om it ferskil tusken de sykte koroana/corona en "it" koroana/coronafirus dúdlik te hâlden. Yn it tredde plak omdat hoewol't de namme koroana/corona yn de folksmûle ynboargere is, koroana/coronafirussen yn wurklikheid in hiele kategory firussen binne (dus net allinne SARS-CoV-19). Je soene sykten fan in oar koroana/coronafirus likegoed koroana/corona neame kinne. Yn it lêste plak omdat ik oars kieze moast tusken koroana of corona, beide foarmen wurde yn it Frysk brûkt. De Fryske Akademy advisearret koroana, mar corona wurdt yn de praktyk faker brûkt. Kroanfirus is eins noch de bêste oersetting, mar gjin minsk dy't dat brûkt. Om diskusje te foarkommen en op itselde momint sa korrekt mooglik te bliuwen bliuwt COVID-19 oer. [[Meidogger:PDZ124169|PDZ124169]] ([[Meidogger oerlis:PDZ124169|oerlis]]) 12 mai 2020, 21.38 (CEST)
Werom nei de side "COVID-19".