COVID-19: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Nammejouwing: pear lytse flaterkes
→‎Nammejouwing: grammatika/stavering
Rigel 12:
 
== Nammejouwing ==
Op 11 febrewaris 2020 kundige de Wrâldsûnensorganisaasje oan dat de nije, ûnbekende [[Firus (biology)|firale]] sykte de namme COVID-19 soe krije soe, in ôfkoarting fan ''coronavirus disease (koroana/coronafirussykte''), plus it jier fan ûntdekking. Neffens WHO-direkteur-generaal Tedros Adhanom Ghebreyesus mocht de namme net nei in spesifike geografyske lokaasje, bist as groep minsken ferwize (sa as by de [[Meksikaanske gryp]] of de [[bargepest]] wol it gefal wie). De namme moast ek fatsoenlik út te sprekken wêze.<ref>[https://www.nu.nl/buitenland/6030071/who-noemt-ziekte-die-coronavirus-veroorzaakt-covid-19.html WHO noemt ziekte die coronavirus veroorzaakt COVID-19], NU.nl, 11 febrewaris 2020 (bywurke op 13 febrewaris); sjoch ek de [https://www.who.int/dg/speeches/detail/who-director-general-s-remarks-at-the-media-briefing-on-2019-ncov-on-11-february-2020 taspraak fan de WHO-direkteur sels] (WHO 11-2-2020)</ref>
 
Op deselde dei stelde de wurkgroep fan it [[Ynternasjonaal Komitee foar de Taksonomy fan Firussen]] (ICTV) de namme "severe acute respiratory syndrome coronavirus 2" foar, ôfkoarte "SARS-CoV-2", nei analogy mei it relatearre, earder bekende firus SARS-CoV.